Falsk jild yn Frjentsjer

jild © Omrop Fryslân
De winkellju yn Frjentsjer hawwe op 't heden te krijen mei klanten dy't mei falsk jild betelje. De earste kear wie dat by de boekwinkel fan Bruna, mar yn de dagen dêrnei hiene oare winkellju ek falsk jild yn de kassa. It giet om briefkes fan 50 en fan 200.
De ûndernimmersferiening fan Frjentsjer is op de hichte brocht fan it falsk jild. Dy hat alle ûndernimmers yn de stêd warskôge.