60% tsjin nije soarchpreemje

03 nov 2012 - 10:28

In mearderheid fan de Friezen fynt dat premier Rutte weromkomme moat op de plannen foar de ynkommens-ôfhinklike soarchpreemje. Dat docht bliken út ûndersyk fan Omrop Fryslân en Een Vandaag. Mar leafst 80 persint fynt it op himsels goed dat minsken dy't in soad fertsjinje mear betelje foar de soarch. In goede 60 persint fynt wol dat minsken mei in ynkommen fan twa kear modaal no te hurd troffen wurde.

It draachflak foar de nije soarchpreemjes is yn Fryslân yn ferhâlding noch grut. Yn Drinte, Utrecht en Súd-Hollân is de wjerstân it grutst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)