Fryske PvdA achter akkoart

De PvdA praat sneon op it partijkongres oer it nije regearakkoart. Yn de ôfrûne wiken binne der op ferskillende plakken yn it lân jûnen holden foar de leden om de plannen út te lizzen. By de VVD is der al de hiele wike opskuor. Benammen oer de nije systematyk fan de soarchpreemje.
By de PvdA binne de reaksjes hiel oars. Samson is de grutte man en fierwei de measten binne tige te sprekken oer it akkoart en de pinepunten nimme se foar wat it is. Der wurde dan ek gjin swierrichheden op it kongres ferwachte.