Advokaat Beintema twivelet net

02 nov 2012 - 16:12

Dat ferskate boekingskantoaren fan artysten net leauwe dat de organisaasje fan twa feesten yn Dokkum bedrige is, is in minne saak. Dat seit advokaat Van den Bergh fan Vedon, it bedriuw dat de feesten organisearje soe. Vedon is eigendom fan de mem fan ûndernimmer Wim Beintema, dy't yn it ferline deselde soart feesten organisearre. De boekingskantoaren sizze dat se minne ûnderfinings ha mei Beintema. Sa betelle er har faak net of te let. Se tinke dat Beintema de bedrigingen brûkt as ferlechje, omdat er de sinteraasje net rûn krije kin.

De advokaat neamt dat spekulaasjes. Neffens har lûkt de gemeente Dongeradiel net samar de fergunningen foar de feesten yn. Gemeente en plysje twivelje der net oan dat Vedon echt bedrige is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)