Priis foar byldhorloazje

02 nov 2012 - 15:13

It byldhorloazje foar hendikepten dat troch Ben Bunt út Akkrum ûntwikkele is, hat in belangrike priis krigen. It horloazje is keazen as bêste kwaliteitsferbettering yn de landuorjende soarch en krijt dêrfoar de Jenneke van Veen Verbeterprijs. Bunt ûntwikkele it horloazje foar syn dochter, dy't net in goed gefoel foar tiid hat. Op it byldhorloazje steane plaatsjes dy't passe by bepaalde tiidstippen fan de dei. It hat de priis krigen omdat it bydraacht oan de selsstannichheid fan hendikepten. De priis wurdt yn desimber útrikt.

Trefwurden: 
Akkrum byldhorloazje Ben Bunt
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)