Ynbrutsen by Snits Wyt Swart

02 nov 2012 - 13:48

Tongersdeitenacht is ynbrutsen op it sportkompleks fan SWZ Boso Snits. Dat makket de klup sels bekend. Frijwilligers ûntdutsen de ynbraak freedtemoarn en seagen doe ek dat der saken op it sportkompleks fernield wiene. Foar safier bekend hawwe de ynbrekkers neat meinommen. Foarsitter Wietse de Haan hat út namme fan de klup oanjefte dien by de plysje. De frijwilligersjûn fan freed giet gewoan troch. Dy is bedoeld as betankje foar de minsken dy't har ynsetten hawwe by de wedstryd tusken SWZ Snits en AZ.

Trefwurden: 
Snits Snits Wyt Swart
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)