Hearrenfean en Cambuur lotsje

SC Hearrenfean ûntfangt yn de fjirde ronde fan de KNVB-beker Feyenoord yn it Abe Lenstrastadion. Dat hat de lotting tongersdei útwiisd. De oare Fryske klup dy't noch by de lêste sechtjin sit, SC Cambuur, moat nei FC Den Bosch dat tongersdei ferrassend FC Twente útskeakele. De wedstriden yn de achtste finale wurde op 18, 19 en 20 desimber spile. De beide Snitser klups waarden dizze wike útskeakele. ONS Boso Snits ferlear mei 2-0 fan Ajax en Snits Wyt Swart Boso Snits moast mei 4-1 syn meardere erkenne yn AZ.