Gjin soargen oer soarchpreemje

Der is noch gjin ûnrêst ûnder de âlderein oer de hichte fan de takomstige soarchpreemje. De minsken lizze der noch net wekker fan. Dat die tongersdei bliken op in ynfojûn fan âldereinbûnen, de gemeente en de thússoarch yn Kollum. Foar in part komt dat omdat de measte senioaren AOW mei in lyts pensjoentsje krije en sa't it liket minder preemje betelje sille. Mar pensjonearren dy't mear as 33.000 euro bruto jiers krije, moatte mear preamje betelje.
De measten binne net goed op de hichte fan wat deroan sit te kommen, sizze meiwurkers fan de âldereinbûnen, de Wmo en Noorderbreedte. Mar ek âlderen mei jild moatte yn it nije systeem folle mear sels betelje.