Zalm:Ungelokkige start Rutte-2

01 nov 2012 - 18:07

It twadde kabinet Rutte makket in ûngelokkige start mei alle reboelje oer de ynkommensôfhinklike syktekostepreemje. Dat sei âld-minister fan finânsjes Gerrit Zalm fan 'e VVD tongersdei by in sprekbeurt op Stenden University. Zalm waard ûnderfrege troch studinten fan de hotelskoalle nei oanlieding fan it 25-jierrich jubileum fan dy oplieding.

VVD en PvdA ûntkomme der neffens Zalm net oan om it foarstel foar de ynkommensôfhinklike preemje oan te passen, omdat se hjir oars gjin mearderheid foar krije yn de Earste Keamer.

Zalm neamde it foarstel in 'flekje' yn it regearakkoart, dat Rutte en Samsom mar it bêste gau fuortwurkje kinne. Ofsjoen fan it foarstel foar de syktekostepreemje jout Zalm it regearakkoart fan kabinet Rutte-2 wol in foldwaande. Finansjeel sit it regearakkoart fierder goed yninoar, sa is syn yndruk. Mei it oanpakken fan de hypoteekrinte-ôftrek hie Zalm noch wol wat fierder gean wollen. De foarstellen fan no binne neffens de âld-minister ûnfoldwaande om de huzemerk wer op gleed te helpen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)