Ynkoarten útspraak oer Morgan

Orka Morgan © ANP
Oer seis wike sil de rjochtbank yn Amsterdam útspraak dwaan yn de saak mei de orka Morgan. Juster tsjinne de boaiemproseduere dy't de Orka Coalitie oanspand hat tsjin it oerbringen fan de orka nei in seedierepark op de Kanaryske Eilannen. De Orka Coalitie wol dat it bist nei har famylje ta brocht wurdt, foar de kust fan Noarwegen.
Morgan waard yn de simmer fan 2010 yn de Waadsee foar de Fryske kust ferswakt oantroffen. Ferskate pommeranten sette har foar de orka yn, lykas it Fryske topmodel Doutzen Kroes.