TVM hâldt op as reedrydsponsor

01 nov 2012 - 15:03

Fersekerder TVM hâldt op mei de sponsoring fan de eigen reedrydploech. De haadsponsor giet noch troch oant en mei de Winterspullen fan Sotsji yn 2014, mar lûkt dêrnei de stekker derút. Dat betsjut dat reedriders Sven Kramer en Ireen Wüst op syk moatte nei in nije sponsor. TVM sponsoret de reedridersploech al fjirtjin jier.

Se hâlde der no mei op om't it neffens harren net genôch rendemint opsmyt. By wrâldbekerwedstriden en oare grutte toernoaien moatte de riders yn klean fan bûnssponsor KPN ride yn stee fan de TVM-pakjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)