Brânende flier yn Itens

01 nov 2012 - 14:15

Yn in wenning oan de Tsjerkebuorren yn Itens hat tongersdei oan it begjin fan de middei brân west. In stik fan de flier stie yn 'e brân, nei alle gedachten troch koartsluting. De brânwacht koe it fjoer gau útmeitsje. Op it momint fan de brân wiene der gjin persoanen yn de wenning oanwêzich. Hoe grut de krekte skea is, is net bekend.

Trefwurden: 
brân Itens
(advertinsje)