Van Basten mist topskoarer

Alfred Finnbogason © ANP
Marco van Basten kin yn de bekerwedstriid tsjin topklasser Hollandia gjin berop dwaan op syn topskoarer Alfred Finnbogason. De Yslanner hat in blessuere oan de heup. Matthew Amoah is syn ferfanger.
Ek Filip Djuricic (knibbel), Van La Parra (ankel), Oussama Tannane (spierblessuere) en Mark Uth (skouder) ûntbrekke. De wedstriid begjint om 19.00 oere, ynset is in plak by de lêste 16.