Zijlstra fraksjelieder VVD

Halbe Zijlstra
Halbe Zijlstra wurdt de nije fraksjefoarsitter fan de VVD yn de Twadde Keamer. Zijlstra, berne yn Easterwâlde, wie steatssekretaris fan ûnderwiis. Hy folget Mark Rutte op, dy't frijwol seker ta formateur fan it nije kabinet beneamd wurdt.
Oant de ferkiezings wie Stef Blok foarsitter fan de VVD-keamerfraksje. Sawol Rutte as Blok krije in post yn de nije regearing.