Hylke Breteler boargemaster

01 nov 2012 - 10:57

De 10-jierrige Hylke Breteler út Nes is de nije berneboargemaster fan Dongeradiel. Dat is woansdei yn in spesjale riedsgearkomste yn Dokkum bekend makke. De berneboargemaster is beneamd foar in jier en ferfollet spesjale taken by de Sinteklaasyntocht bygelyks, of op Keninginnedei. Hylke Breteler is de opfolger fan de ôftredend berneboargemaster, Nynke Themmen.

(advertinsje)