Pindelbus Himriksein hâldt op

De pendelbus tusken it Himriksein en de Ljouwerter binnenstêd hâldt op te bestean. Der is te min belangstelling foar. Der sitte deis net mear as 14 reizgers yn de bus.
De bus wie yn jannewaris begûn om forinzen yn de mjitte te kommen foar de oerlêst foar it ferkear as gefolch fan de werynrjochting fan it Drachtsterplein. De bus rydt noch oant 16 novimber. De proef hat 310.000 koste, dat jild is betelle troch de gemeente en de provinsje