SP Twadde Keamer yn it Frysk

© Omrop Fryslân
De Sosjalistyske Partij hat woansdei yn de Twadde Keamer in reaksje yn it Frysk ynbrocht op de nije 'Wet gebrûk Fryske Taal.' Dêr stiet yn dat de partij mei entûsjasme kennis naam fan de wet. De wet moat derfoar soargje dat Frysk brûkt wurde kin as offisjele taal yn Fryslân, en dat Friezen it rjocht hawwe om troch de oerheid yn it Frysk oansprutsen te wurden.
Boppedat fynt de partij it belangryk dat Omrop Fryslân yn hiel Nederlân te beharkjen is. SP-keamerlid Ronald van Raak hat syn bydrage yn it Frysk dien, lykwols, allinnich skriftlik.