Soarch oer grut bosk fan Ypey

31 okt 2012 - 17:35

In groep minsken yn Tytsjerk makket him soargen oer de útwreidingsplannen foar de bosk fan Ypey. Takom jier wurdt it park twa kear sa grut. De filla Vijversburg wurdt ek ferboud en der komt in besikerssintrum.

Neffens de groep hat de organisaasje Vijversburg op Toutenburg de finânsjes net goed op oarder en sille de plannen it monumintale karakter fan it lângoed oantaaste. Boppedat sille de útwreidings neat opsmite foar de streek, sa ferwachtsje de tsjinstanners.

Trefwurden: 
Tytsjerk Bosk fan Ypey
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)