Fuotbalje mei stikelbaarch
De plysje siket trije jongens dy't tiisdeitejûn by Wynjewâld trapearre waarden doe't se mei in stikelbaarch oan it fuotbaljen wiene. De jonges waarden op de Russchenreed sjoen troch in frou dy't de hûn útliet. Se hat de jonges fuorttreaun. Dy naaiden út rjochting Beetstersweach.
De frou hat foto's fan de jongerein makke. De buertagint besiket mei help fan de foto's út te finen wa't de jonges binne.