Spesjale kontrôle-auto op A7

© Google Street View
De plysje nimt twa spesjale auto's yn gebrûk foar kontrôles op de A7. Sûnt begjin dit jier wurdt de dyk skerper yn 'e gaten hâlden. Dat begjint by de Dútske grins en giet oer de Ofslútdyk oan Saanstêd ta. Mei de auto's kinne hurdriders feilich folge wurde.
Sûnt de aksje begûn is, hawwe 110 minsken harren rydbewiis ynleverje moatten, omdat se fierste hurd rieden of net-hânfrij bellen achter it stjoer. Oer de 2500 krigen in bekeuring foar hurdriderij, beljen achter it stjoer of it net omhawwen fan 'e rimen.