Flater by teater yn Snits

31 okt 2012 - 11:16

It nije teater yn Snits hat in flater makke by de ferkeap fan kaarten foar de foarstelling fan Bert Visscher. Guon stuollen wiene dûbeld boekt. Om elkenien plak te jaan waarden losse houten stuollen bypleatst. De foarstelling wie tiisdeitejûn.

Neffens wurdfierder Annemarie Dros die letter bliken dat fierderop yn de seal noch wol plakken wiene, mar dat wie foar de foarstelling net mear op te lossen. Mooglik is it probleem al yn maaie ûntstien. Doe lei de kaartferkeap in pear kear plat. Keninginne Beatrix iepenet it teater tongersdei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)