Prins Albert: Morgan moat frij

Prins Albert oer de frijlitting fan Morgan © freemorgan.org
Neidat de soan fan de ferneamde djipseedûker en filmer Jacques Cousteau him al mei orka Morgan bemuoide, docht no ek Prins Albert fan Monaco dat. Krekt as Cousteau fynt hy dat de orka werom moat nei de frije natuer.
Morgan waard yn juny 2010 út de Waadsee by It Amelân helle. Hy sit op dit stuit yn in ferdivedaasjepark yn Tenerife. De prins seit yn in ferklearring dat it syn oertsjûging is dat Morgan frijlitten wurde moat. Tongersdei tsjinnet yn Amsterdam in saak oer de mooglike frijlitting fan Morgan.