Nij AED-opropsysteem

31 okt 2012 - 09:48

Der komt in nij systeem om frijwilligers yn te skeakeljen dy't in AED betsjinje kinne. In grut diel fan de ambulânseregio's yn Nederlân, wêrûnder dy yn Fryslân, hawwe dêr it inisjatyf foar naam. It systeem hat de namme HartslagNu krigen. It wurdt tongersdei yn gebrûk naam.

Wannear't de meldkeamer fan de ambulânsesoarch in sike-auto stjoert nei immen mei earnstige hertproblemen, wurde op itselde momint ek frijwilligers yn 'e buert ynskeakele dy't mei in AED help biede kinne. Dy krije in rûtebeskriuwing by de oprop.

It nije systeem ferfangt de twa besteande systemen AED-Alert en AED-locator.

Trefwurden: 
AED
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)