Cambuur fierder nei penalty's

30 okt 2012 - 23:31

Mei it better nimmen fan de penalty's hat Cambuur de fjirde ronde fan it bekertoernoai berikt. Tsjin Telstar einige de wedstriid nei 120 minuten fuotbal yn 1-1. Cambuur spile in strieminne wedstriid. By it skoft wie it 0-0. Yn de twadde helte sette Mark Diemers de Ljouwerters binnen in minút op in 1-0 foarsprong. Yn de 90e minút kaam Telstar op likense hichte troch Hoefdraad. Yn de ferlinging waard net mear skoard. Cambuur naam de penalty's better as Telstar. Fjouwer fan de fiif waarden benut. Allinnich Tighadouini miste. Telstar miste twa.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)