Buske op kant op Westergoawei

© Jaring Rispens
Op de Westergoawei by Hichtum binne tiisdeitemiddei ynsittenden fan in taksybuske ferwûne rekke. It buske kaam út 'e rjochting Ljouwert. De 62-jierrige sjauffeur woe ôfslaan rjochting Wytmarsum. Hy seach in bestelbuske oer de holle en botste dêrop.
It taksybuske krige in bêste optater en wipte op 'e side. De taksysjauffeur kaam mei de skrik frij. Twa ynsittenden fan it buske moasten út foarsoach nei it sikehûs yn Snits. De tredde ynsittende is ek ûndersocht, mar de persoan mankeart neat.