Keuken yn brân yn Ljouwert

30 okt 2012 - 19:53

Troch in keukenbrân is in boppewenning op de Ljouwerter Diepenbrockstrjitte tiisdeitejûn slim skansearre rekke. De brânwacht hie de brân gau ûnder kontrôle, mar it hûs is troch de reek- en wetterskea net mear te bewenjen. De brân ûntstie rûn itenstiid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)