Mear reaksjes op regearakkoart

30 okt 2012 - 16:59

De mienings binne yn Fryslân ferdield op it nije regearakkoart. Natuerklups binne bliid dat besunigings op natuer tafalle. Bernedokters binne ek bliid dat jongeren ûnder de 18 jier gjin alkohol mear keapje meie, mar der is twifel oft in koartere ww-útkearing ûnder it biedwurd fan it regear falt om earlik te dielen. Yn it akkoart stiet ek dat de maatskiplike staazjes foar bern op middelbere skoallen ferdwine. It doel wie om learlingen frijwilligerswurk dwaan te litten foar de mienskip sûnder dêr betelle foar te krijen.

Trefwurden: 
regearakkoart
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)