Friezinne wint skriuwwedstriid

Vera Zwerver út Boarnburgum hat de skriuwwedstriid Talent voor taal wûn. Foar de lanlike wedstriid wiene goed 1.600 ferhalen ynstjoerd. In sjuery mei dêryn Arthur Japin, Daphne Deckers en Zarayda Groenhart keazen it winnende ferhaal 'De eilander'. De wedstriid wie foar learlingen fan it fuortset ûnderwiis. Vera Zwerver (18) sit op it vwo. It tema fan de wedstriid, 'niets is wat het lijkt', is ûntliend oan de musical Wicked. De wedstriid is in gearwurking fan it CPNB, de Stichting Lezen en Schrijven en de musical Wicked.