LC, FD mei Telegraaf besoarge

30 okt 2012 - 15:35
  • Harkje nei de bydrage

Besoargers fan de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd ferspriede fan april takom jier ôf ek de Telegraaf. De LC en it FD ferskine fan dy tiid ôf as moarnskrante. De NDC Mediagroep hat mei de Telegraaf-direksje ôfpraat dat syn besoargers ek de Fryske Telegraaf-abonnees betsjinje. Besteande besoargers fan de LC en it FD dy't har baantsje opsizze fanwege de nije betide besoarging, wurde ferfongen troch Telegraaf-besoargers. Der komt noch ûndersyk nei de krekte ynsetberheid fan besoargers. Mooglik moatte nije besoargers socht wurde.

(advertinsje)