Boer en Oenema te plak by Liga

30 okt 2012 - 15:06

Reedrydster Thijsje Oenema fan De Jouwer waard it ôfrûne seizoen Nederlânsk kampioen op de 500 en 1000 meter. Boppedat waard se op it wrâldkampioenskip ôfstannen tredde op de 500 meter. Tiisdei waard Oenema yn iisstadion Thialf presintearre mei har nije ploech fan Team Liga. Dy ploech, ûnder lieding fan âld-Olympysk kampioene Marianne Timmer, hat fiif nije rydsters. Margot Boer fan Goaiïngaryp bleau by de ploech, Thijsje Oenema, Mayon Kuipers, Janine Smit, Yvonne Nauta en Janneke Ensing binne nij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)