Frijstelling oldtimers ferfalt

30 okt 2012 - 12:40

Leafhawwers fan oldtimers wurde troffen troch it ôfskaffen fan de frijstelling fan wegebelesting foar auto's fan 25 jier en âlder. Dat stiet yn it nije regearakkoart. Ek foar de hannel komt it yn dizze krisistiid hiel min út. Dat seit autohanneler Theo van de Pol fan ABC auto's yn Ljouwert. Hy ferkeapet no noch in soad âlde BMW's en Mercedessen. In diel dêrfan is net inkeld foar de hobby, mar wurdt ek yn it deistich ferkear brûkt. Wannear't de belestingfrijstelling definityf ôfskaft wurdt, is noch net bekend.

Trefwurden: 
oldtimers regearakkoart
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)