Fryske VVD en PvdA tefreden

De VVD en PvdA yn Fryslân binne bliid mei it regearakkoart. De foarsitters Ger Jaarsma fan de VVD en Martin Schellenberg fan de PvdA fine it benammen in goede saak dat der gjin healslachtige oplossings yn it akkoart steane. Guon maatregels dogge sear. Sa hie Jaarsma leaver net hân dat it ôflûken fan de hypteekrinte beheind wurdt. Schellenberg sjocht it fersoberjen fan de WW en beheinen fan de ûntslachfergoedings as pinepunt.