KvK: Fryslân springt derút

It tal nije ûndernimmingen yn Fryslân lei yn it tredde fearnsjier 3,5 prosint heger as in jier earder. Dat stiet yn sifers fan de Keamer fan Keaphannel Noard-Nederlân. Dêrmei is Fryslân in positive útsûndering op de lanlike trend mei sa'n 5 oant 10 prosint minder oan nije bedriuwen. Der groei yn Fryslân sit foaral yn bedriuwen op it mêd fan ûnderwiis. Yn de earste njoggen moannen binne yn Noard-Nederlân goed 8500 nije bedriuwen fan start gien. Dat is 2,5 prosint minder as yn deselde perioade in jier lyn.