Skylger ferwûne by ûngelok

30 okt 2012 - 11:37
Traumahelikopter - Foto: ANP Kippa

In Skylger (53) is moandeitejûn op it eilân ferwûne rekke by in iensidich ûngelok. De automobilist rekke troch noch ûnbekende oarsaak op de Badweg yn de berm. Hy rekke doe de macht oer it stjoer kwyt en botste tsjin in beam. De brânwacht helle de man út de wein. Mei de traumahelikopter is it slachtoffer nei it sikehûs yn Grins brocht.

Trefwurden: 
Skylge plysje botsing
(Advertinsje)
(Advertinsje)