Tegeltablo yn Princessehof

30 okt 2012 - 10:41

Yn it Princessehof is in grut tegeltablo fan 585 tegels te sjen. 'De Hertenjacht' is fan Willem van der Kloet dy't it begjin 1700 makke. It mjit 5,85 meter breed en 1,70 meter heech. Dêrmei is it tablo it grutste yn in iepenbiere Nederlânske kolleksje. It Ljouwerter keramykmuseum krijt it yn brûklien fan it Amsterdam Museum. It komt út in Portugees paleis dat yn 1899 sloopt is. Sokke grutte tablo's binne inkeld makke foar de eksport nei Portugal. Dêr wiene de tablo's te sjen yn tsjerken, kleasters en paleizen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)