Foar twadde kear lead stellen

30 okt 2012 - 10:03

Fan it dak fan in sportsintrum yn Ljouwert is foar 60 meter oan lead stellen. Dat is it ôfrûne wykein bard. It is al de twadde kear yn twa wiken tiid dat lead stellen is fan it sintrum oan it Soldatedykje. It is noch net bekend hoe't de dieven op it dak komme koene.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje stellerij lead
(advertinsje)