Ljouwert kandidaat KH2018

29 okt 2012 - 23:31

Mei in mearderheid fan 24 fan de 37 leden hat de gemeenteried fan Ljouwert moandeitejûn ynstimd mei de ambysje fan boargemaster en wethâlders om yn 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa te wurden. PvdA, PAL/Groen Links, ChristenUnie, FNP en Verenigd Links en in part fan it CDA stimde foar.

De oare partijen wiene benammen kritysk op de finansiering fan de plannen. Benammen om't it bedriuwslibben noch neat tasein hat. Boargemaster Crone is derfan oertsjûge dat it jild op it kleed komt. Dêr sil de kommende tiid hurd oan wurke wurde.

Woansdei sil boargemaster Crone mei in delegaasje fan goed 150 minsken fan de Kulturele Haadstêd en befreone organisaasjes it bidbook fan Ljouwert 2018 oanbiede yn Amsterdam. Op 30 novimber wurdt dan it beslút naam hokker twa steden yn de race bliuwe foar Kulturele Haadstêd 2018. Oare gadingmakkers binne Maastricht, Eindhoven, Den Haag en Utrecht.

Trefwurden: 
gemeenteried KH2018
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)