Byld ta neitins Foekje Dillema

Keunstner Ids Willemsma makket in byld ta neitins oan hurdrinster Foekje Dillema. Sy rûn yn 1950 in Nederlânsk rekôr op de 200 meter, mar waard flak dêrnei skorst troch de atletykuny, omdat se gjin frou wêze soe. Nei har dea yn 2007 krige Dillema earherstel fan de atletykuny.
Willemsma makke dit moandei bekend by de offisjele presintaasje fan it boek mei in oersjoch fan al syn wurk fan de ôfrûne 40 jier. De keunstner hopet dat it byld takom jier yn juny klear is.