Grutte winst Jong Hearrenfean

29 okt 2012 - 21:55

Jong Hearrenfean hat moandeitejûn mei 6-1 wûn fan Jong Vitesse/AGOVV. De gasten kamen healwei de earste helte noch wol op foarsprong troch in skot fan Brahim Darri, mei tank oan keeper Brian Vandenbussche. Dêrnei waard it ferskil dúdlik. Oussama Tannane en Menno Heerkes makken noch foar it skoft de 2-1. Hakim Ziyech mei in moaie frije traap, Marten de Roon en opnij Hakim Ziyech setten de thúsploech op 5-1. Mark Uth bepaalde de einstân út in penalty op 6-1. Jong Hearrenfean, Jong PSV en Jong Ajax ha nei twa wedstriden de folle winst.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)