"Noch mar seis gemeenten oer"

29 okt 2012 - 15:51

By de petearen foar de kabinetsformaasje is bepaald dat gemeenten tenei minimaal 100.000 ynwenners hawwe moatte. Foar Fryslân mei syn 650.000 ynwenners soe dat betsjutte dat dat der krapoan seis gemeenten oerbliuwe.

Yn Fryslân wurdt al in soad fuseard tusken ferskate gemeenten. Dy 100.000 ynwenners hellet lykwols hast gjinien. De Friese Meren, in fúzje fan Gaasterlân-Sleat, Lemsterlân en Skarsterlân komt bygelyks mar út op de helte fan dat tal ynwenners.

Ien fan de saken yn it regearakkoart dy't ek fiergeande gefolgen hat foar Fryslân is dat de tolve provinsjes opgean moatte yn fiif lânsdielen.

Trefwurden: 
gemeente kabinetsformaasje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)