Nienhuis keeper Cambuur

SC Cambuur © Omrop Fryslân
Leonard Nienhuis keept tiisdei de bekerwedstriid foar Cambuur. Yn it Cambuur stadion is Telstar de tsjinstanner. Foar it seizoen binne der al ôfspraken makke oer it keepen. De twadde keeper spilet de bekerwedstriden. By Cambuur stiet Tim Bakens tiisdei wer yn de basis nei syn skorsing fan ien wedstriid. Mohamed El Makrini is troch de KNVB foar trije wedstriden (wêrûnder ien ûnder betingst) skorst. De middenfjilder krige yn de kompetysjewedstriid freed tsjin MVV in reade kaart. Cambuur giet net yn berop tsjin de straf.
Tim Keurntjes liket syn ferfanger te wurden, mar dêr woe trainer Alfons Arts noch gjin útspraak oer dwaan. Wout Droste die op de lêste training net mei. Hy hat lêst fan búkgryp, mar kin tiisdei gewoan yn de basis begjinne.