El Makrini twa oan 'e kant
Cambuurspiler Mohamed El Makrimi is nei syn reade kaart tsjin MVV Maastricht foar trije wedstriden skorst, wêrfan ien ûnder betingst. Sportklup Cambuur en El Makrini ha dizze staf akseptearre. Sadwaande mist er de bekerwedstriid tsjin Telstar en de útwedstriid tsjin Helmond Sport.