Ofwachtsjend oer regearakkoart

Fryske politisy reagearje ôfwachtsjend op wat yn it regearakkoart ôfpraat wêze soe. Sa soene gemeenten en provinsjes grutter moatte. Foar gemeenten soe in ûndergrins fan 100.000 ynwenners jilde. De measte fúzjes fan Fryske gemeenten foldogge dan net mear oan de easken. Allinnich Ljouwert sil aanst mear as 100.000 ynwenners hawwe.
Fierders komt der gjin kilometerheffing en de diskusje oer ien grutte Nederlânske provinsje yn Noard-Nederlân sil opnij oplôgje.
Mar der is gjin mearderheid yn provinsjale steaten foar in fúzje tusken Fryslân, Grinslân en Drinte. Boargemaster Van Klaveren wachtet ôf en makket him net drok om wat der allegearre sein wurdt. Syn gemeente, Westellingwerf, wol selsstannich bliuwe.
It regearakkoart is der noch net, mar der is al ynformaasje nei bûten ta útlekt. De ôfspraken fan PvdA en VVD sille nei alle gedachten wol gau ta stân komme.