Files yn moarnsspits

Plysjemotor © Omrop Fryslân
It ferkear yn Fryslân hie moandeitemoarn in soad lêst fan ûngelokken en wurksumheden. De Lauwersmarwei by Aldwâld wie ôfsletten nei in ûngelok. Dêr wiene wiene twa auto's by belutsen. Ien auto rekke yn de sleat. De bestjoerders rekken ferwûne.
Op de A7 fan Drachten nei It Hearrenfean ûntstie in lange file nei't fjouwer auto's opinoar botsten. Der binne gjin minsken ferwûne rekke, mar de dyk waard diels ôfsletten. Fierders moat ferkear op de A32 rjochting Ljouwert rûn opnij hielendal fêst fanwege de wurksumheden by de Werpsterhoeke.