Njoggen ferwûnen by ûngelok A7

28 okt 2012 - 23:33

By in ûngelok op de sneldyk A7 by Terwispel yn de rjochting fan It Hearrenfean binne sneintejûn njoggen minsken ferwûne rekke. Twa rekken swier ferwûne. De oare sân binne mei lichte ferwûnings nei it sikehûs brocht.

Der wiene fiif auto's by belutsen. Ien is achterop in frachtwein botst en dwers op 'e dyk kommen te stean. De oare fjouwer auto's binne op dy auto riden. De passazjiers fan in bus dy't delkaam hawwe earste help jûn. De linebus is ek brûkt as opfangplak. De ferwûnen komme ûnder oare út Amsterdam, Beverwyk, Deventer en Oldehove.

De plysje hat oant nei tolve oere nachts dwaande west mei ûndersyk. De dyk wie pas om healwei ienen wer iepen foar it ferkear.

Trefwurden: 
ûngelok A7 Terwispel ûngemak
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)