Boer notearret '38 op 500 m.

28 okt 2012 - 16:28

Margot Boer hat by de trainingswedstriden yn Erfurt as twadde Nederlânske rydster dit seizoen in tiid fan 38 sekonden op 'e klok setten op de 500 meter sprint. De rydster fan Goaiïngaryp kaam nei 38.87 oer de streek. Thijsje Oenema fan De Jouwer waard twadde mei 39.47. Janine Smit fan It Hearrenfean einige as tredde yn 39.70.

Ek op de 1500 meter wie Boer de rapste. De Liga-rydster notearre in tiid fan 2.02.49 en bleau dêrmei Yvonne Nauta fan Twellingea foar (2.03.24). Oenema wie fierwei de bêste op de 1000 meter mei in tiid fan 1.20.19.

Trefwurden: 
reedriden Margot Boer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)