Knappe 4-2 oerwinning Flyers

De iishockeyers fan de Friesland Flyers ha sneontejûn mei 4-2 wûn fan Herentals. It earste doelpunt kaam op namme fan Jerry Pollastrone. Kevin Bruijsten ferdûbele de skoare. Yn de tredde perioade kaam Herentals werom oant 2-1, wêrnei't Andrew Krelove foar de tredde Fryske treffer tekene. Nei de 3-2 wie it úteinlik Tony Demelinne dy't de einstân op 4-2 brocht.
Nei it ferlies tsjin Den Haach freed, steane de Flyers mei 19 punten út 8 wedstriden op it 3e plak, tegearre mei Den Haach. Tilburch giet oan de lieding mei ien punt mear.