Kosmetikadieverij op 'e Lemmer

28 okt 2012 - 14:26

Op De Lemmer is sneon in Roemeenske frou (30) oanhâlden. Yn in winkel oan de Vissersburen waard sjoen dat in man en in frou kosmetika stellen. In meiwurkster fan de winkel koe de frou op strjitte oanhâlde. De plysje sette in boargernetaksje op om de man te finen. Dat smiet neat op. De fertochte is meinaam nei it buro. Se hie gjin guod by har.

Trefwurden: 
plysje De Lemmer dief
(advertinsje)