Gjin drankriders by kontrôle

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontenacht op twa plakken in grutte ferkearskontrôle hâlden. Alle bestjoerders by Surch en Frjentsjer moasten blaze. Net ien ried ûnder ynfloed. Twa persoanen krigen in proses-ferbaal om't se in bile, ferbeane messen en drugs by har hiene. In oar krige in proses-ferbaal om't er him net identifisearje koe. De plysje wurke gear mei de belestingtsjinst. Dy koe 3600 euro oan iepensteande boetes binnenhelje.