Nacht fan de Nacht suksesfol

Hûnderten Friezen ha sneontenacht meidien oan Nacht fan de Nacht. Se giene mei op ien fan de ekskurzjes troch nachtlik Fryslân, lykas in fartocht oer de Terkapler Puollen. It wie kâld mei in heldere loft. It tsjuster is belangryk foar minske en dier. Dat docht bliken út wittenskiplike ûndersiken.
De Stichting Natuur en Milieu organisearre de nacht foar de achtste kear. Lanlik diene mear as 30.000 minsken mei oan 400 aktiviteiten. Dat is in rekôr. Guon gebouwen hiene de ferljochting út, lykas de Dom yn Utert.